Man wol hûs yn brân stekke

31 mrt 2013 - 16:02

Yn Rotsterhaule hat de plysje sneontenacht in man (37) oanhâlden, omdat er drige syn hûs yn brân te stekken. De man hie al in rút ynslein en syn houten skutting mei in kettingseage omseage.

De plysje wie warskôge dat de man fan doel wie om syn hûs yn brân te stekken en hat him dêrom út foarsoach meinommen nei it plysjeburo. De man makke in betize yndruk. Op it plysjeburo wurdt sjoen oft de man ek yn 'e beneaming komt foar helpferliening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)