Ljouwerter leadrôver oppakt

Ynbraak © Omrop Fryslân
Plysjes hawwe sneontenacht in Ljouwerter (43) oanhâlden op it bedriuweterrein fan Stiens foar it stellen fan lead. De man hie ferskate stikken lead yn de auto.
De plysje fûn dat fertocht en hâlde de man oan.
De Ljouwerter sei dat er it lead al op freed út in kontener op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert meinommen hie. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.