Natuerpriis foar Rûgehuzen

31 mrt 2013 - 13:36

De ynwenners fan Rûgehuzen ha de Pluk fan de Pettefletpriis foar Fryslân wûn. Dat is in priis foar boargers dy't har konkreet ynsette foar de natuer. De priis bestiet út in bedrach fan 500 euro en in byldsje fan Pluk fan de Petteflet.
Yn Rûgehuzen is al sûnt 1993 in natuerprojekt geande. Se hawwe mei-inoar in stik heide oanlein en in stik bosk omfoarme nei ike-hakhout en dat past hielendal yn it lânskip fan Gaasterlân.

De heide wurdt troch de buertbewenners frij fan beamkes hâlden en se hiere in hoeder mei skiep yn foar fierder ûnderhâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)