WK kuorbal: Nederlân-België

Sporthal It Kealledykje yn Ljouwert
De ploegen fan Nederlân en België hawwe har snein pleatst foar de finale fan it WK kuorbal ûnder de 19 jier yn sporthal It Kealledykje yn Ljouwert. Nederlân hie net al te folle muoite mei Ingelân. Yn de heale finale waard mei 22-8 wûn fan Ingelân.
België hie it folle dreger tsjin Sinees Taipei (Taiwan). De Belgen lutsen mei 13-12 mar krekt oan de langste ein. Oan it WK kuorbal ûnder de 19 dogge 14 lannen mei, oanfold mei twa ekstra Nederlânske ploegen. De meast opfallende dielnimmer is it team fan Marokko. Dy binne der foar it earst by.
Marokko is ek de earste ploech út in islamitysk lân op in WK Kuorbal.