Kjeld probleem foar glêstúnbou

31 mrt 2013 - 12:26

De glêstúnkers wurde hurd troffen troch it kâlde waar. Der moat twa kear safolle gas stookt wurde om de kassen op temperatuer te hâlden en de gaspriis is ferline wike ek noch acht sint de kúb omheech gien. In trochsneed bedriuw fan 10 bunder stookt samar 30.000 euro mear op yn ien wike. De sinne hat te min skynd sadat de produksje achterbliuwt. Der is op dit stuit sprake fan in grutte finansjele strop. Dde ferwachting is dat as der in minne simmer komt, dit de nekslach wurde kin foar in soad bedriuwen. De branzje hat al twa minne jierren hân.

Grientekwekerij Hartman yn Seisbierrum rekkenet troch de hege stookkosten op in finansjele strop fan dik 400.000 euro. Mear as in miljoen komkommers set Hartman alle wiken op de Nederlânske merk. Dêrfoar moat de temperatuer yn de kassen gemiddeld 25 graden wêze. Dat bestjut dat troch de lange froastperioade no wol twa kear safolle gas stookt wurde moat om de kassen op dy temperatuer te hâlden. Foarearst hat de finansjele malêze noch gjin gefolgen foar in grut bedriuw as Hartman mei 450 meiwurkers. Mar Hartman is wol benaud dat de hege gasprizen de nekslach foar in soad lytse bedriuwen wêze kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)