Skûtsjes nei kroaning

31 mrt 2013 - 09:26

Trije skûtsjes fan de SKS meitsje har opwachting by de kroaning fan Willem-Alexander ta kening. Se dogge dat op fersyk fan kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma. Omdat der mear belangstelling wie, moast de SKS lotsje om te bepalen om hokfoar skûtsjes it giet. Uteinlik kamen Drachten, De Jouwer en Langwar as winner út de bus.

Neist skûtsjes fan de SKS geane der ek skûtsjes fan de IFKS nei Amsterdam. Fierder binne ek it steatejacht en in tal tallships der te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)