Winst follybalfroulju Snits

De winst is binnen © awfoto.nl
Nei fjouwer ferliespartijen op rige ha de follybalsters fan Snits lang om let wer ris wûn. Yn de Snitser sporthal gong de earste set mei 25-22 nei it Grinzer Lycurgus. Dêrnei hie de nûmer lêst fan de Dela earedivyzje net folle mear yn te bringen.
Mei twa kear 25-14 en 25-21 luts de ploech fan Petra Groenland fertsjinne oan it langste ein. Snits bliuwt fjirde yn de stân.