Van der Werf tredde yn Veendam

Grutte Omloop fan de Feankoloanjes © awfoto.nl
Hurdfytser Teake-Piet van der Werf út Dearsum is sneon tredde wurden yn de Grutte Omloop fan de Feankoloanjes. De winst yn de twadde klupkompetysje gong nei Nick Kweldam út Aalten. Casper von Folsach út Denemarken einige as twadde.
De wedstriid waard tekene troch it minne waar. Snie en hurde wyn dienen de organisaasje besluten om de 180 kilometer tellende koers mei fjirtich kilometer yn te koartsjen. Nettsjinsteande de oanpassing stapten in soad dielnimmers ûnderweis ôf.