Harkiten ûnderút yn Staphorst

Harkemase Boys is sneon mei 3-0 fan it fjild spile troch Staphorst. Yn Staphorst kamen de Harkiten nei 9 minuten op efterstân. Heine Uuldriks krige de bêste kâns op de lykmakker, mar syn skot waard keard troch de Staphorster keeper. Yn de 31e minút wie it opnij Staphorst dat it fizier op skerp hie en foar de 2-0 tekene. Goed ferdigenjend wurk fan de Boys foarkaam de 3-0.
Nei it skoft kaam Harkemase Boys der net mear oan te pas. Staphorst makke yn de 64e minút dien wurk troch út in frije traap de tredde treffer op it boerd te setten.
De kânsen foar Harkemase Boys om de twadde perioade te winnen yn it peaskewykein binne no foarby.