Arriva wol helpe mei de Fyra

30 mrt 2013 - 14:08

Ferfiersbedriuw Arriva wol helpe by it oplossen fan de problemen mei hegesnelheidstrein Fyra. Direkteur Anne Hettinga seit sneon yn NRC Handelsblad dat er yn petear wol mei steatssikretaris Wilma Mansveld fan ynfrastruktuer. Neffens Hettinga hat Deutsche Bahn as dochterbedriuw fan Arriva in soad kennis op it gebiet fan hegesnelheidslinen.

Hettinga seit ek it in blamaazje te finen dat it miljarden kostjende spoar dêr't de Fyra op ride moat noch hieltyd net brûkt wurdt. Dat rint fan Amsterdam nei Brussel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)