Jeugdsintrum Holwert ticht

30 mrt 2013 - 11:46

Jeugdsoas The Sound yn Holwert is foarearst ticht. It bestjoer wol sa in sinjaal ôfjaan dat it dien wêze moat mei de oerlêst fan jongeren yn it doarp. Nei ôfrin fan diskojûnen yn de jeugdsoas binne der faak fernielings yn it doarp.

De jeugdsoas fynt it in probleem fan it hiele doarp en net allinnich fan de soos. De lieding fan de soas krijt stipe fan doarpsbelang. Sy fine ek dat der in ein komme moat oan de oerlêst. Kommende freed is der in byienkomst foar alle ynwenners om oer de oerlêst te praten en ek oer wat der tsjin dien wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)