Frou mei scootmobyl nei Praach

30 mrt 2013 - 11:14

Marrit Tessin en har man André van der Berg út Penjum binne op reis nei Dútslân. Fia de Elberûte giet it echtpear fan Cuxhaven nei Praach. Se wolle 16 dagen oer de tocht dwaan. In bysûnder ûndernimmen, want Marrit is fanwege in beroerte beheind en docht de reis yn in scootmobyl. Se sliepe yn in tinte, jeugdherberch of hotel.

Fan in fersoarge reis mei ferpleechkundigen en frijwilligers is gjin sprake. André moat de 1200 kilometer gewoan fytse, mei in oanhingwein derachter. Marrit hat in sinnepaniel op har scootmobyl foar ekstra stroom.

Dan kin se langer ta mei de akku, dy't nachts earne opladen wurde moat. Se dogge de tocht om sjen te litten dat minsken mei in beheining folle mear kinne as se mar wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)