Djipte rekôr tal ljipaaien

29 mrt 2013 - 20:33

Der binne oant no ta sân ljipaaien fûn en dat is in absolút djipte rekôr. Dat seit BFVW-foarsitter Rendert Algra. Nea earder yn de histoarje binne der, twa dagen foar de ein fan it aaisikersseizoen, sa'n lyts bytsje aaien fûn. Dat hat fansels alles te krijen mei it oanhâldende kâlde waar. Algra ferwachtet dat der de kommende dagen noch 10 oant 20 aaien fûn wurde. It aaisykjen mei noch oant en mei snein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)