Hûnen mooglik fergiftige

29 mrt 2013 - 18:54

Der binne dizze wike mooglik trije hûnen fergiftige yn de Swettepoel by De Broek by De Jouwer. It giet om in rekreaasjegebiet mei in poeltsje, in strân en bosk. Steatsboskbehear nimt de saak serieus en warskôget de minsken fia buorden. Yn in part fan de Swettepoel meie de hûnen losrinne, mar it advys is om dit net te dwaan. Meiwurkers fan Steatsboskbehear hawwe it hiele gebiet ûndersocht, mar der is neat fûn. Se witte ek noch net wat de hûnen mankearret. Se wurde op dit stuit ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)