277 bekeurings op snelheid

29 mrt 2013 - 18:26

De plysje hat tongersdei by trije snelheidskontrôles yn de provinsje 277 bekeurings útskreaun. Yn de beboude kom fan Drachten binne op de Folgeraleane 435 auto's kontrolearre op snelheid. Hjirfan wiene 43 yn oertreding. Op Nijtap is fan hast 1700 auto's de snelheid metten. Dêrfan krigen 112 bestjoerders in boete. Ek op de Lange West wie in kontrôle op snelheid. Fan de goed 1800 auto's rieden 122 te hurd.

By in kontrôle op de A7 by De Tynje waarden noch 17 auto's fan de dyk helle yn ferbân mei mankeminten oan de auto's.

Trefwurden: 
boetes snelheid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)