Kâld troch opwaarming ierde

29 mrt 2013 - 07:24

Maart is in ekstreme moanne wat de temperatueren oanbelanget. It kin sels wêze dat we foar de lêste 10 dagen fan maart in kâlderekôr helje. Dat seit waarman Piet Paulusma.

We ha te krijen mei in streaming dy't transportkjeld mei noard-eastlike streaming meinimt. Dit komt troch hege druk boppe Skandinavië en Grienlân. Dat bart net sa faak yn dizze tiid fan it jier. Mar troch de opwaarming fan de ierde kin dit yn de takomst wol faker foarkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)