Poarte Bears op ynstoarten

28 mrt 2013 - 17:12

De poarte fan it eardere Uniastate yn Bears stiet op ynstoarten. As der neat dien wurdt rûgelje der ynkoarten stiennen nei ûnderen. Dêrom komt de gemeente Littenseradiel yn aksje. De gemeente stekt mear as 30.000 euro yn it opknappen fan de poarte.

Littenseradiel hie earder al besocht subsydzje oan te freegjen by in monumintestichting. Mar dêrfoar moat de grûn ûnder de poarte oerkocht wurde fan de adellike eigener en dat slagget net. Dêrom lûkt de gemeente no sels de beurs.

Trefwurden: 
Uniastate ynstoarten Poarte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)