Douwe Egberts yn Dútske hannen

28 mrt 2013 - 13:49

Kofje- en teebedriuw Douwe Egberts wurdt mooglik ferkocht oan in groep ynvestearders út Dútslân mei de namme JAB. De ûnderhannelings binne neffens Douwe Egberts noch yn de begjinfaze. JAB biedt 12,75 euro per oandiel.

Douwe Egberts dat oarspronklik op De Jouwer oprjochte waard, gong ferline jier as selsstannich bedriuw nei de beurs yn Amsterdam ûnder de namme DE Master Blenders. Dêrfoar wie it jierrenlang ûnderdiel fan it Amerikaanske bedriuw Sara Lee.

Trefwurden: 
Douwe Egberts JAB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)