Gjin skorsing Van La Parra

Rajiv van la Parra © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Fan 'e moarn ha foarsitter Robert Veenstra en technysk direkteur Johan Hansma in petear hân mei Rajiv van La Parra. Dit nei oanlieding fan it autoûngelok mei drank op fan de fleugeloanfaller fan SC Hearrenfean.
Hearrenfean wol net krekt sizze hokker sanksje se Van La Parra oplein hawwe, dúdlik is wol dat hy net dissiplinêr skorst wurdt. Dêrtroch sit Van La Parra by de seleksje foar de wedstriid fan sneon tsjin syn âlde klup Feyenoord. Wol sil Van La Parra in bydrage leverje oan in maatskiplik projekt fan de klup.
"Wij hebben vanmorgen een gesprek gehad met Rajiv. Hij heeft ons in het gesprek duidelijk aangegeven dat hij zich goed realiseert welke fout hij heeft gemaakt. De club heeft, in het verlengde van het gesprek, passende maatregelen genomen. Welke dat exact zijn, blijft tussen Rajiv en de club", sa seit Robert Veenstra yn in reaksje.