Nije apparteminten op Flylân
Flylân krijt der in nij appartemintekompleks foar fakânsjegongers by. It wurdt boud troch Landal GreenParks en komt op it plak fan it hjoeddeiske hotel De Bosrand.
It kompleks krijt 36 apparateminten, dy't elk geskikt binne foar twa personen. Doel is dat it yn de simmer fan 2014 klear is. Op it gebou komt in reiden tek, sadat it better yn it omlizzende dúnlânskip past.