Korthof Frysk PvdA-foarsitter

PvdA
Ald-steatelid Henk Korthof fan Boksum wurdt nei alle gedachten de nije foarsitter fan de PvdA yn Fryslân. By de kommende maaitiidsgearkomste wurdt er foardroegen foar dy funksje. Korthof wurket yn it deistich libben by FNV Bondgenoten. Hy hat fan 2004 oant 2011 foar de PvdA yn de steaten sitten en wie ek koarte tiid foar de PvdA riedslid yn Menameradiel.
Korthof soe de opfolger wurde fan Martin Schellenberg, dy't der fanwege oare drokte mei ophâldt.