Rjochtbank warskôget publyk

28 mrt 2013 - 09:46

De Ljouwerter rjochtbank siet om 9.30 oere hielendal fol. Alle 350 stuollen wiene beset troch publyk en mediaminsken foar de saak Vaatstra. Jasper S. stiet terjochte foar moard en ferkrêfting fan Marianne Vaatstra. De rjochter makke by de iepening nochris dúdlik wêrom't de rjochtsaak net folslein op radio en tv te sjen en te hearren is. Dat is út respekt foar it slachtoffer.

Rjochtbankfoarsitter Dölle warskôge de oanwêzigen dat der skokkende feiten te hearren wêze sille by de behanneling fan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)