Personiel Prins staakt troch

28 mrt 2013 - 07:11
  • Staking Prins Dokkum

By Prins Dokkum wurdt tongersdei foar de tredde dei op rige staakt. It giet yn totaal om de trettjinde stakingsdei by it fangrailfabryk. De wurknimmers lizze it wurk del omdat se it net iens binne mei it oerbringen fan de produksje nei it bûtenlân, 34 minsken ferlieze dêrtroch har baan. Ek freed wurdt der net wurke fanwege in kollektive ATV-dei.

Oft de wurknimmers nei de peaskedagen wol wer oan it wurk gean wurdt woansdei bepraat. De stakers krije dan ek Paul Ulenbelt fan de SP op besite. De ôfrûne dagen kamen der al politisy nei it fabryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)