Grien ljocht foar mestpiken

Piken © Omrop Fryslân
In bedriuw yn mestpiken yn Achtkarspelen mei útwreidzje. Dat hat de gemeenteried besletten. It bedriuw leit tusken Droegeham en De Harkema. Foaral de PvdA ferset him bot tsjin de útwreiding. Neffens de partij is de yntinsive feehâlderij in bedriging foar de folkssûnens. Ek soe it rekreaasje en toerisme yn 'e wei stean, en passe de grutte bedriuwen net yn it lytsskalige lânskip.