TEL takom jier wer

27 mrt 2013 - 21:54
  • De iepening fan sakebeurs TEL.

It doek liket definityf fallen foar de bedriuwekontaktdagen yn Ljouwert. WTC Expo wol takom jier har hallen net mear ferhiere oan de netwurkbeurs foar bedriuwen. Se wolle troch mei harren eigen fariant, de Trade Experience Leeuwarden, koartwei de TEL. Dy lêste beurs waard yn in pear wike tiid opsetten as ferfanging fan de bedriuwekontaktdagen om't de organisaasje dêrfan it dit jier net foarelkoar krige. De ôfrûne twa dagen waard de TEL foar it earst hâlden.

Alhoewol't de besikersoantallen mei goed 12-tûzen flink achter bliuwe by dy fan de bedriuwekontaktdagen wol it WTC dochs leaver troch mei de eigen netwurkbeurs. In datum is der ek al. De beurs wurdt dan hâlden op 18 en 19 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)