Nije partij yn Smellingerlân

© Omrop Fryslân
Twa politike partijen yn Smellingerlân sille fusearje. It giet om Gemeentebelangen Smallingerland en Smallingerlands Belang. Beide partijen lizze kwa útgongspunten en politike arguminten op deselde line. De nije partij komt Gemeentebelangen te hjitten, mei it each op in kommende weryndieling wurdt de namme Smellingerlân skrast.
Ald-wethâlder Fred de Groot wurdt bestjoersfoarsitter, Bart Pietersma sil wierskynlik de nije fraksje liede. Dat is dan nei de ferkiezings fan takom jier.