Haastrestauraasje Poarte Bears

27 mrt 2013 - 20:06

De Poarte fan Bears moat sa gau mooglik in nije restauraasje ûndergean. Dat skriuwt wethâlder Willemsma oan de ried fan Littenseradiel. Ein foarich jier is der ek al in haastrestauraasje oan de Poarte útfierd, mar doe waard al dúdlik dat der mear dien wurde moat. Foaral de gevel oan de súdwestkant is der min oan ta.

De restauraasje kostet mear as 30.000 euro. De gemeente draait hjirfoar op. As gefolch fan moat de restauraasje fan de mûnen yn Winsum en Easterlittens en de toer fan Easterwierrum in jier wachtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)