Saak-Vaatstra op Omroplive.nl

Jasper S. rjochtsaak yn de moard op Marianne Vaatstra © Omrop Fryslân, ANP
Grutte parten fan de saak Vaatstra wurde mei in kertier fertraging útstjoerd op Omroplive.nl, de ynternetstjoerder fan Omrop Fryslân. De rjochtsaak begjint tongersdei om healwei tsienen.
De ferwachting is dat it earste part fan de rjochtsaak in kertier letter te sjen wêze sil op Omroplive. De bylden fan de rjochtsaak wurde earst besjoen troch in meiwurker fan de rjochtbank. Dy bepaalt wat wol en net útstjoerd wurde mei op Omrop Live. Sa stiet no al fêst dat de tsjûgenissen fan de neibesteanden net te sjen wêze sille op Omroplive. Fierders hat Jasper S earder al oanjûn dat hy him stil hâlde sil, as de rjochtsaak streekrjocht útstjoerd wurdt. Wat ûnder oare wol te sjen wêze sil, is it ferhaal fan it Iepenbier Ministearje mei dêryn de eask. It is net dúdlik wannear't dit wêze sil. De haadredaksje fan Omrop Fryslân hie by de rjochtbank in fersyk yntsjinne om de rjochtsaak rjochtstreeks op televyzje út te stjoeren. Benammen út respekt foar it slachtoffer woe de rjochtbank hjir net oan meiwurkje.