Aksje foar Ljouwerter Shyron

In groep learlingen fan de lokaasje Mariënburg fan kristlike skoallemienskip Comenius yn Ljouwert hat woansdei tusken de middei koarte tiid staakt. Se diene dat om omtinken te freegjen foar de Ljouwerter jonge Shyron.
De learlingen fine dat hy talitten wurde moat op Comenius. Shyron wie twa jier lyn belutsen by in ûngelok, wêrby't in oare jonge om it libben kaam. Nei dy tiid is hy dêrmei in soad narre op skoalle. Shyron fersette him dêr tsjin, mar dat rûn sa út de hân dat er skorst waard troch syn doetiidse skoalle Piter Jelles.
De lokaasjedirekteur fan Comenius seit Shyron op dit stuit net talitte te kinnen, omdat er earst beoardield wurde moat troch deskundigen. De direkteur fynt it wol moai dat syn learlingen begien binne mei oare bern.