Folle mear ynbraken yn 2011

19 des 2011 - 12:30

Der is dit jier folle mear ynbrutsen yn Fryslân. De teller stiet op 1800, wylst it ferline jier 1400 wiene.

Fierders binne dit jier in opfallend soad ynbrekkers snipt. Dat komt om't de plysje in spesjaal ynbrekteam hat en troch de ynset fan boargernet. It gruttere tal ynbraken wurdt benammen feroarsake troch deselde dieders dy't faker taslaan.

Neffens de plysje kinne minsken noch in soad dwaan om foar te kommen dat ynbrutsen wurdt. Kostber guod moat net yn it sicht lizze of stean en it hûs moat goed ôfslútber wêze. De plysje is moandei úteinset mei in kampanje om minsken bewust te meitsjen goed op it hûs te passen.

Trefwurden: 
plysje ynbraak ynbrekkers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)