Mear ôfslutings elektrisiteit

19 des 2011 - 11:55

Yn Fryslân binne dit jier mear húshâldens ôfsletten fan stroom en gas as de ôfrûne jierren. Dat docht bliken út sifers fan Liander, de grutste netbehearder. Dit jier binne 530 húshâldens ôfsletten. Ferline jier wiene dat 410, yn 2009 gie it om 370 húshâldens.

Der binne ek hieltyd mear minsken dy't in brief krije mei in alderlêste warskôging.

Trefwurden: 
gas elektrisiteit Liander
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)