Manlju oanhâlden mei drugs

By in ûndersyk nei drugs hat de plysje tiisdei yn Easterwâlde trije manlju oanhâlden. Se wiene mei trije oaren yn in hûs oan de Tilmaad en hiene soft- en harddrugs by har.
In 35-jierrige ynwenner fan Easterwâlde moast oermastere wurde, omdat er net fûilleard wurde woe en útnaaie woe. Ek de 45-jierrige bewenner fan it hûs en in 23-jierrige ynwenner fan Assen binne oppakt. De oanhâldings betsjutte net de ein fan it ûndersyk, de plysje giet dêr noch mei troch.