Epke mei optrede foar kening

27 mrt 2013 - 12:02
  • Epke Zonderland

Turner Epke Zonderland mei op 30 april optrede foar de nije kening. Hy is troch de organisaasje útnoege om by de keningsfeart op it IJ in oefening te dwaan.

Op 30 april is de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander. Yn it hiele lân binne dan festiviteiten. Ek yn Amsterdam, dêr't de ynhuldiging plakfynt, is it grut feest. Epke fynt it in eare dat hy frege is en hat der in soad sin oan. Hy moat noch efkes besjen of hy in oefening op de brêge docht of op it rek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)