Undersyk stjerte yn sikehûzen

27 mrt 2013 - 10:33

Yn sikehûzen yn Fryslân en Grinslân ferstjerre relatyf minder minsken as yn sikehûzen yn Limboarch. Dat docht bliken út ûndersyk dat dien is troch in tal sikehûzen en ûndersyksynstitút Nivel.

Der binne ferskate redenen wêrtroch yn it Noarden minder minsken yn sikehûzen om it libben komme. It kin te krijen ha mei it tal bêden dat in sikehûs hat foar pasjinten dy't terminaal binne. Ek spilet mei dat yn Noard-Nederlân minsken faker brûk meitsje fan mantelsoarch en nei in sikehûsopname nei hûs of in hospice geane en dêr ferstjerre.

Trefwurden: 
stjerte sikehûzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)