'Takomst foar swimbad De Kûpe'

27 mrt 2013 - 07:12

It iepen hâlden fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost hoecht folle minder te kostjen as de hast fjouwer ton dy't de gemeente der no alle jierren yn stekt. Dat seit inisjatyfgroep 'Behoud De Kûpe'. De groep hat berekkene hoe't it swimbad ek de kommende fiif jier bestean bliuw kin. Neffens dy berekkeningen kin dat foar de helte fan it bedrach dat de gemeente der no oan kwyt is. Betingst is wol dat der frijwilligers ynset wurde, it enerzjyferbrûk nei ûnderen giet en der wat oan it ûnderhâld dien wurdt.

De gemeenterie moat de kommende moannen in beslút nimme oer it foarstel fan de inisjatyfgroep. Giet de rie net akkoart dan slút it swimbad ein dit jier.

Trefwurden: 
Bûtenpost Behoud De Kûpe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)