Ljouwert rikt earste 'HET' út

© Omrop Fryslân
Twa bedriuwen binne winner wurden fan de earste HET, de ûndernimmerspriis fan Ljouwert. It giet om Club Yoga, dy't wûn yn de kategory bedriuwen dy't noch gjin fiif jier besteane. By de bedriuwen dy't langer as fiif jier aktyf binne gie de priis nei stielbedriuw Mannen van Staal.
Mei-inoar hiene 57 bedriuwen har oanmeld foar de kompetysje. Sy waarden troch in sjuery beoardield op ûnder oare duorsumens en de finânsjes. De priis waard tiisdei útrikt troch wethâlder Henk Deinum. Hy die dat op de beurs TEL yn it WTC Expo yn Ljouwert.