Nije brêge oer Rjochte Grou

Grou
Der komt in nije brêge oer de Rjochte Grou yn Grou. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wêthâlders fan Boarnsterhim besletten.
Ut ûndersyk docht bliken dat it renovearjen fan de brêge net in opsje is. Dêrom is besletten om de brêge te ferfangen. Der wurdt no sjoen hoe't de nije brêge der út komt te sjen. Doel is dat der in ienfâldige brêge komt dy't lang mei giet. Ein fan dit jier moat it klear wêze.