Jild foar leefberens plattelân

© Omrop Fryslân
Der is dit jier 2 miljoen euro beskikber foar it stimulearjen fan de leefberens op it plattelân. Ek is der in heal miljoen beskikber foar rekreaasje en toerisme. Dat ha deputearre steaten besletten.
Minksen dy't in foarstel ha op it mêd fan rekreaasje, toerisme, lânskip of it ferbetterjen fan de leefberens kinne hjirfoar subsydzje oanfreegje. Ek sil de provinsje natuer oankeapje yn de Lindefallei en bûtendyks. Troch besunigings fan it Ryk hat dat stillein, mar de provinsje wol de ûntwikkeling fan natuer no wer oppakke.