Brân op in pleats yn Stiens

26 mrt 2013 - 17:43

In fûle brân hat tiisdeitemiddei in part fan in pleats yn Stiens yn de jiske lein. De pleats stiet oan de Stienzer Hegedyk. De bewenners koene op tiid fuortkomme.

Ferskate brânwachtkorpsen wiene útrukt om it fjoer te bestriden. Troch de hurde wyn en de droechte wie it dreech om it fjoer ûnder kontrôle te krijen. Troch de wyn rekke ek guod dat yn de tún opslein lei yn de brân. De brânwacht koe wol foarkomme dat it wenhûs yn flammen opgie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)