Campings: skaf belesting ôf

Fryske boerecampings wolle mei in hantekenaksje fan de Stichting Vrije Recreatie de ferplichte toeristebelesting besykje ôf te skaffen. Yn Fryslân binne hûndert boerecampings oansletten by de stichting. De SVR hat al 30.000 hantekens binnen krigen fan campingshâlders en campinggasten, mar dat moatte der mear wurde om it ôfskaffen fan de toeristebelesting besprekber te krijen yn de Twadde Keamer.
SVR-foarsitter Wim van der Berg fynt de heffing oerstallich om't dy faak brûkt wurdt om de begrutting rûn te krijen.
De sammele hantekens wurde op 9 april oanbean oan de fêste keamerkommisje fan binnenlânske saken.