Helptsjinsten sille gearwurkje

26 mrt 2013 - 14:55

De helptsjinsten yn Fryslân, Grinslân en Drinte sille nauwer gearwurkje. Doel is dat nei in ûngelok op in provinsjale dyk, it ferkear der minder lêst fan hat.

Dykynspekteurs en de provinsjes sille mear gearwurkje mei alle helptsjinsten, bergers en Rykswettersteat. De diken kinne dan flugger frij makke wurde nei in ûngelok. Gefolgen binne hooplik minder opûnthâld en minder files.

Trefwurden: 
gearwurking helptsjinsten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)