Molkpriis stik heger as 2012

26 mrt 2013 - 14:34
  • Logo FrieslandCampina

Suvelkonsern FrieslandCampina ferwachtet dat de garânsjepriis foar de molke dit jier útkomme sil op in gemiddelde hichte fan ûngefear 36,50 euro foar 100 kilo molke. Dat hat direksjefoarsitter Cees 't Hart tiisdei bekend makke. De priis is in stik heger as ferline jier doe't in gemiddelde helle waard fan 33.87 Euro.

De hege priis hat te krijen mei in leger oanbod fan molke út Nij-Seelân fanwege de droechte dêr en in achterbliuwende produksje yn Europa. Tagelyk nimt de fraach yn Azië en Afrika noch hieltyd fierder ta.

In molkpriis fan 36,50 is de op ien nei heechste fan de ôfrûne fiif jier. Allinnich yn 2011 lei de priis mei 36.97 foar 100 kilo noch heger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)