Bakker en V/d Laan meie bliuwe

Sportklup Cambuur wol graach fierder mei Erik Bakker en Martijn van der Laan. Beide spilers hawwe in ôfrinnend kontrakt, mar Cambuur hat wol in opsje om dat te ferlingen. Bakker en Van der Laan kinne foar twa jier bytekenje yn Ljouwert.
Ek Melvin de Leeuw en Frits Dantuma hiene in opsje yn harren kontrakt, mar Cambuur hat oanjûn dêr net op yn te gean. Mooglik sil Cambuur letter mei harren om tafel om oer in nij kontrakt te praten. Alle oare spilers mei in ôfrinnend kontrakt ha in formele brief hân dat harren kontrakt net ferlingd wurdt.
Fierder waard hjoed bekend dat Cambuur tastimming krigen hat dat Henk de Jong en Jan Bruin it seizoen ôfmeitsje as haadtrainer. Beide trainers hawwe net de júste papieren mar krije dispensaasje.