Nije toeristyske man Fryslân

Trije jonge froulju makken sels in wolkomsboerd
De provinsje Fryslân hat in kertiermakker oansteld om de gearfoeging fan de aktiviteiten fan Beleef Freisland, Tourist Info Fryslân en Fan Fryslân yn goede banen te lieden. Alvin Sibbald, âld-direkteur marketing fan De Friesland Zorgverzekeraar, sil oan de slach as de nije kertiermakker.
Hy moat yn de kommende moannen it takepakket fan de nije oerkoepeljende organisaasje foar de promoasje fan Fryslân fierder útwurkje. Syn einadvys moat yn juny klear wêze. Dêrnei kin in begjin makke wurde mei it bouwen fan it organisaasjemodel.
De nije organisaasje moat op 1 jannewaris 2014 startklear wêze.