Brângefaar troch droechte

De brânwacht yn Eaststellingwerf docht tiisdei ûndersyk nei droechte yn it Nasjonaal park Drints-Fryske Wold. De kjeld kin yn kombinaasje mei de hurde eastewyn soargje foar beammen dy't útdroegje. Sapstreamen yn beammen en struken komme min op gong by lege temperatueren.
De brânwacht sil sjen hoe grut de kâns op brângefaar yn it Drints-Fryske Wold krekt is en nimt as dêr needsaak ta is maatregels. Foar de provinsjes Oerisel, Gelderlân en Utrecht jildt sûnt moandei in ferhege warskôging foar natoerbrângefaar en is sprake fan 'koade giel'.