Undersyk nei kninen op Flylân

25 mrt 2013 - 21:57

Trije biologystudinten fan de universiteit fan Leiden ûndersykje de kninepopulaasje op Flylân. Troch sykten is it tal kninen yn ús lân de lêste tsientallen jierren folle minder wurden. Foar de dunen binne de kninen lykwols wol hiel belangryk. De studinten ûndersykje wat de faktoaren binne dy't ynfloed hawwe kinne op it herstel fan it tal kninen.

Der wurdt sjoen nei hoefolle kninen oft der binne, wat de plantesoarten binne en hokker rôffûgels en foksen der binne. Dêrfoar wurde ûnder oare kninekeutels teld en braakballen ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)