Twadde Keamerleden yn finzenis

25 mrt 2013 - 19:20
  • Finzenis De Marwei yn Ljouwert

Leden fan de Twadde Keamerkommisje fan justysje hawwe moandei op wurkbesite yn Ljouwert in postive yndruk krigen fan de finzenis. Der hinget neffens harren in goede sfear en de opliedingsmooglikheden foar detinearden binne goed. De Keamerleden hawwe mei personiel en detinearden praat. Se hawwe ek besjoen hoe't in sel foar twa detinearden derút sjocht.

De keamerkommisje sil besjen hoe't der plakken frijmakke wurde kinne foar personiel út oare finzenissen, dy't fanwege besunigings ticht moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)