Baaske fan fêstbûne hûn socht

Foto Anton Kappers
De plysje hat noch gjin idee fan wa't de hûn is dy't ferline wike oan it stek bûn waard fan biste-opfang De Wissel yn Ljouwert. It giet om in sûne herdershûn, dy't by syn fynst wat meager wie. It bist hie in bomberjack foar hûnen oan, mei dêrop de tekst 'top dog'.
De plysje tinkt yntusken te witten dat de hûn út de Frijheidswyk yn Ljouwert komt en dêr yn in flat wenne. Wa't mear wit oer de eigener, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje. Dat mei ek anonym.