Woudagemaal leukste útstapke

It Woudagemaal op De Lemmer hat de ferkiezing leukste útstapke fan Fryslân wûn. Dat is moandei yn Den Haach bekend makke. Dy ferkiezing is hâlden troch de ANWB. De leden koene stimme op ferskate útstapkes. Der waarden goed 70.000 stimmen útbrocht.
De útstapkes waarden op fiif aspekten beoardield: priis-kwaliteitsferhâlding, sfear, personiel, oanbod en fasiliteiten. Oare Fryske nominearren wiene ûnder oare it Natuermuseum yn Ljouwert, Appelskea Outdoor en it wrakkemuseum op Skylge. Ferline jier wie in dei nei It Amelân de Fryske winner.