Legere straffen grêftsmiters

25 mrt 2013 - 15:10

Trije Ljouwerter grêftsmiters hawwe in folle legere selstraf krige as de eask fan justysje fan tolve moanne. De manlju fan 21 en 40 jier hawwe in selstraf fan fiif moanne krige, de man fan 25 seis moanne. De straf falt leger út om't besykjen ta deaslach neffens de rjochter net bewiisd wurde kin.

De Ljouwerters hawwe mei âld en nij 2011-2012 trije minsken yn de grêft smiten. Doe't de slachtoffers yn it wetter leine, binne se bekûgele mei stiennen en fytsen en kopke ûnder treaun.

Boppedat waarden se hieltyd wer it wetter yn treaun doe't se besochten derút te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)